Frozen (soundtrack)

Frozen
algemiene ynformaasje
artyst ferskaat
taal Ingelsk
sjenre popmuzyk
útbrocht 25 novimber 2013
opnommen 2012-2013
doer 69:40
label Walt Disney Records
produsint Kristen Anderson-Lopez, Robert Lopez, Christophe Beck, Chris Montan, Tom MacDougall
resultaten
ferkocht >10 miljoen yn 2014
albumlisten nû. 1 yn Austraalje, Feriene Keninkryk, Feriene Steaten, Ierlân, Japan, Kanada, Nij-Seelân, Sina
nû. 2 yn Itaalje, Nederlân, Súd-Koreä
nû. 3 yn Meksiko, Noarwegen
prizen Grammy Award 2014
sertifisearre sjoch: § Muzyksertifikaasjes

Frozen, folút: Frozen: Original Motion Picture Soundtrack, is de yn 'e foarm fan in album útjûne soundtrack fan 'e Disney-tekenfilmmusical Frozen. De cd befettet tsien orizjinele lieten dy't foar de film skreaun waarden troch Robert Lopez en Kristen Anderson-Lopez, mei dêropta 22 filmmuzykstikken komponearre troch Christophe Beck en Frode Fjellheim. Under de lieten is it mei ferskate wichtige prizen bekroane Let It Go, dat twaris op it album stiet, yn 'e filmferzje songen troch Idina Menzel en yn 'e singleferzje songen troch Demi Lovato. It album waard op 25 novimber 2013 útbrocht troch platemaatskippij Walt Disney Records, trije dagen nei't de film Frozen yn 'e Amerikaanske bioskopen útkaam.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy